2011
Ut Wikipedy
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Jierren: | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 |
| Gregoriaanske kalinder |
2011 MMXI |
| Ab urbe condita | 2764 |
| Armeenske kalinder | 1460 ԹՎ ՌՆԿ |
| Etiopyske kalinder | 2003 – 2004 |
| Hebriuwske kalinder | 5771 – 5772 |
| Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2066 – 2067 |
| - Shaka Samvat | 1933 – 1934 |
| - Kali Yuga | 5112 – 5113 |
| Iraanske kalinder | 1389 – 1390 |
| Islamityske kalinder | 1432 – 1432 |
| Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
| Sineeske kalinder | 4707 – 4708 丁寅 – 戊卯 |
2011 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2011.)
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 1 - Estlân komt by de Eurosône.
- 14 - Yn Tuneezje flechtet presidint Zine El Abidine Ben Ali it lân út nei swiere ûnrêsten tsjin syn belied. Premier Mohamed Ghannouchi en parlemintfoarsitter Fouad Mebazaa nammen dêrnei de macht oer.
- 22 - It einkonsert fan jitiizer
- febrewaris
- 11 - Nei achttjin dagen fan protest stapt de Egyptyske presidint Hosni Moebarak, dy't hast tritich jier oan de macht wie, op en draacht de macht oer oant it leger.
- 21 - By in ierdskodding fan 6,3 op de skaal fan Richter by de Nij-Seelânske stêd Christchurch falle minimaal 166 deaden en wurdt foar miljarden oan skea oanrjochte.
- maart
- 2 - Yn Nederlân wurde ferkiezings hâlden foar de Provinsjale Steaten.
- 11 - Yn Japan fynt in ierdskodding plak mei in krêft fan 9.0 op de skaal fan Richter, de dêropfolgjende tsûnamy rjochtet in soad skea oan.
- 16 - It earste ljipaai fan Fryslân wurdt troch Geert Kleinhuis út Earnewâld fûn by Hurdegaryp.
- april
- 9 - In 24-jierrige man sjit yn it rûn yn it wikelsintrum de Ridderhof yn de Nederlânske stêd Alphen aan den Rijn, dêrby falle 7 deaden, ynklusyf de dieder.
- 12 - De Japanske autoriteiten erkenne dat it kearnûngemak fan Fukushima, dat ûntstie nei de seaskodding en tsoenamy fan 11 maart, it heechste nivo fan de INES-skaal berikt hat.
- 15 - Under lieding fan ynformateur Margreeth de Boer berikke de partijen PvdA, CDA en FNP in koalysje-akkoart foar it bestjoer fan de provinsje Fryslân.
- 29 - Yn Londen trouwe William fan Wales en Catherine Middleton.
- maaie
- 1 - Paus Johannes Paulus II wurdt sillich ferklearre.
- 2 - De lieder fan de terreurorganisaasje Al Kaida, Osama bin Laden, wurdt troch Amerikaanske militêren delsketten by syn fersterkte filla yn Abbottabad, yn it noarden fan Pakistan.
- 9 - Under de tredde etappe yn de Omloop fan Itaalje komt de Belgyske hurdfytser Wouter Weylandt fan Team Leopard-Trek om it libben by in fal.
- 11 - Pieter Weening fan De Harkema wint de fiifde etappe yn de Omloop fan Itaalje. Hy is dêrmei de earste Fries mei de rôze trui.
- 15 - De Amsterdamske fuotbalklup Ajax wurdt foar de tritichste kear yn de skiednis Nederlânsk kampioen.
- 26 - Ratko Mladić wurdt arrestearre en letter ferfolge troch it Joegoslaavje-tribunaal yn De Haach.
- juny
- 4 - Janna Eijer fan Jobbegea wint Liet 2011 mei it nûmer 1 klap.
- july
- 9 - Súd-Sûdan wurdt ûnôfhinklik fan Sûdan.
- 22 - By twa oanslaggen yn Noarwegen falle 77 deaden; by in autobom yn Regjeringskvartalet, de regearingswyk fan Oslo, fallen acht deaden en goed in oere letter falle by in sjitpartij yn in jeugdkamp fan de Noarske Arbeiderspartij op it eilân Utøya 69 deaden.
- septimber
- 25 – Yn Saûdy-Araabje beslút om yn 2015 it aktyf en passyf frouljuskiesrjocht yn te fieren foar it ferkiesbere part fan de gemeenterieden en de advysjaande ried.
- 29 – Sina lansearet it romtelaboratoarium Tiangong 1, de earste stap yn de ûntjouwing fan in bemanne Sineesk romtestasjon.
- oktober
- 11 - Frysk skriuwer Durk van der Ploeg kriget de Gysbert Japicxpriis foar syn hiel oeuvre.
- 20 - Moammar al-Qadhafi, Libysk diktator waard yn Sirte deasketten.
- 31 - De ierde telt, neffens de Feriene Naasjes, fan hjoed ôf offisjeel sân miljard minsken.
- novimber
- 11 - Dizze dei is de 11-11-11 dei.
- desimber
- 3 - De Sealterfryske Wikipedia had 2.000 siden
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 8 jannewaris - Prins Vincent en syn twalingsuster prinsesse Josephine fan Denemarken.
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 4 - Gerry Rafferty, Skotsk sjonger (* 1947)
- 26 - Geale de Vries, Frysk ûnderwizer en radiopresintator (* 1921)
- febrewaris
- 28 - Jane Russell, Amerikaansk aktrise en sekssymboal (* 1921)
- 28 - Klaas de Jong Ozn., Frysk politikus en bestjoerder (* 1926)
- maart
- 10 - Rienk Onsman, Frysk fuotballer (* 1943)
- 15 - Trinus Riemersma, Frysk skriuwer (* 1938)
- 17 - Jan Kuperus, Frysk sakeman, topman Friesland Bank (* 1929)
- april
- 7 - Hedzer Rijpstra, Nederlânsk politikus (* 1919)
- 12 - Hunter Bryce, Amerikaansk pornoaktrise (* 1980)
- 23 - Max van der Stoel, Nederlânsk politikus (* 1924)
- maaie
- 2 - Osama bin Laden, Saûdysk terrorist, lieder fan Al-Qaida (* 1957)
- 21 - Paul Gillon, Frânsk striptekener (* 1926)
- 25 - Rian de Waal, Nederlânsk pianist (* 1958)
- juny
- 2 - Willem Duys, Nederlânsk presintator en muzykprodusint (* 1928)
- 6 - Itty Sluis, Frysk skriuwster (* 1939)
- 11 - Bob Spaak, Nederlânsk sportsjoernalist en presintator (* 1917)
- 19 - Hannes Weiss, Nederlânsk Roma-lieder (* 1928)
- 22 - Anne Pasveer, Frysk muzikant (* 1948)
- 23 - Peter Falk, Amerikaansk akteur en senarioskriuwer (* 1927)
- 26 - Klaske Folmer, Frysk foardrachtskeunstneresse (* 1926)
- july
- 5 - Gordon Tootoosis, Kanadeesk akteur en aktivist (* 1941)
- 8 - Betty Ford, Amerikaansk presidintsfrou (* 1918)
- 17 - John Kraaijkamp sr., Nederlânsk aktuer (* 1925)
- 20 - Otto Bijlsma, Frysk bestjoerder, oprjochter Feanhoopfestival (* 1935)
- 23 - Amy Winehouse, Ingelsk sjongster (* 1983)
- 31 - Jan Jongepier, Frysk organist (* 1941)
- augustus
- 3 - Bubba Smith, Amerikaansk akteur en spiler fan American football (* 1945)
- 4 - Henk Alkema, Frysk komponist en muzykpedagooch (* 1944)
- 12 - Geertruida Draaisma, âldste persoan fan Nederlân (* 1902)
- 14 - Fritz Korbach, Nederlânsk fuotbaltrener (* 1945)
- septimber
- 1 - Jan Lammers, Frysk atleet (* 1926)
- 4 - Jouke Klazes Bakker, Frysk konsintraasjekampoerlibbene (* 1923)
- 29 - Hella Haase, Nederlânsk skriuwster (* 1918)
- oktober
- 5 - Steve Jobs, Amerikaansk software-ûntwikelder (* 1955)
- 16 - Teade Kingma, Frysk fersetsman (* 1921)
- 17 - Savannah Gold, Ingelsk pornoaktrise (* 1984)
- 20 - Moammar al-Kadaffi, presidint fan Lybje (* 1942)
- 29 - Cas Spijkers - Nederlânsk tillefyzjekok (* 1946)
- oktober
- 31 - Hein Mader, Eastenryksk-Frysk byldzjend keunstner (* 1925)
- novimber
- 2 - Rijk de Gooyer - Nederlânsk akteur (* 1925)
- 12 novimber - Theo Douma, Frysk hûsdokter, sjonger en lietsjeskriuwer (* 1956)
- 7 - Joe Frazier, Amerikaansk bokser (* 1944)
- 13 - Theo Douma, Frysk dokter, sjonger en lietsjeskriuwer (* 1956)
- 2011 - Hindrik Gosses de Jong, Frysk ûnderwiiskundige (* 1932)
- desimber
- 1 - Sikke Doting, Frysk taalaktivist (* 1938)
- 16 - Hiltsje Lenstra-Wisman, widdo fan Abe Lenstra (* 1924)
- 17 - Henk de Haan, Frysk skriuwer (* 1940)
- 18 - Václav Havel, presidint fan Tsjechje (* 1936)
- 18 - Peter Vassilev, Bulgaarsk-Frysk keunstskilder (* 1943)
- 20 - Atze Bosch, Frysk dichter en oersetter (* 1927)
- 24 - Johannes Tinga, Frysk feekeapman en autobiograaf (* 1922)
- 25 - Wâtse Hiddema, Frysk psychiater en frisiast (* 1928)
- 27 - Douwe Amels, Frysk ûndernimmer en skipsbouwer (* 1924)
- 30 - Dick Eisma, Frysk skriuwer en oersetter (* 1941)
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- romans
Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Jierren: | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 |
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|