2009
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Jierren: | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 |
| Gregoriaanske kalinder |
2009 MMIX |
| Ab urbe condita | 2762 |
| Armeenske kalinder | 1458 ԹՎ ՌՆԾԸ |
| Etiopyske kalinder | 2001 – 2002 |
| Hebriuwske kalinder | 5769 – 5770 |
| Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2064 – 2065 |
| - Shaka Samvat | 1931 – 1932 |
| - Kali Yuga | 5110 – 5111 |
| Iraanske kalinder | 1387 – 1388 |
| Islamityske kalinder | 1430 – 1430 |
| Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
| Sineeske kalinder | 4705 – 4706 乙子 – 丙丑 |
2009 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2009.)
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
2009 is it:
- Ynternasjonale Kalvijnjier fanwegen it fiifhûndertste bertejier fan de protestantsk tsjerkherfoarmer Johannes Calvijn.
- Darwinjier 2009 fanwegen it twahûnderste bertejier fan de natuerûndersiker en biolooch Charles Darwin.
- Ynternasjonale Jier fan de Astronomy, as betinking oan de 400e jierdei fan Galileo's earste waarnimming mei in teleskoop.
- jannewaris
- 1 - Slowakije nimt de euro as wettich betelmiddel.
- 1 - Tsjechje wurdt foar in heal jier foarsitter fan de Europeeske Uny.
- 1 - Gazprom slút de ierdgas tafier nei de Oekraïne.
- 3 - Alaska makket sûnt 50 jier ûnderdiel út fan de Feriene Steaten.
- 3 - Israel falt de Gazastreek binnen.
- 5 - Ahmed Aboutaleb wurdt de nije boargemaster fan Rotterdam, hy folget Ivo Opstelten op.
- 7 - Gazprom slút ek de gastafier nei Jeropa troch de Oekraïne.
- 17 - Israel kundiget in sjitferbot oan dat de deis dêrnei yngiet. Ek Hamas kundiget sels in sjitferbot oan.
- 19 - It earste Fryske Hânwurdboek fan de Fryske Akademy wurdt útrikt oan minister Ronald Plasterk fan Underwiis. It is it earste Fryske wurdboek dat de ferklearrings yn it Frysk jout.
- 20 - Barack Obama wurdt de 44ste presidint fan de Feriene Steaten.
- 26 - It Yslânske oerheid- en banksysteem klapt yn elkoar. Minister-presidint Geir Haarde stapt fuortendaliks op.
- febrewaris
- 2 - De Iraanske presidint Mahmoud Ahmadinejad makket bekend dat Iran syn earste satellyt de romt yn sketten hat; de satelyt hat de namme Omid.
- 7 - De slimste boskbrânen yn de skiednis fan Austraalje begjinne. Uteinlik reitsje 173 minsken om 'e hals, reitsje 500 minsken ferwûne en wurde 7.500 minsken dakleas. De fjurren folgje nei de heechst mjitten temperetueren (yn Melbourne) ea, wylst it yn de Australyske haadstêd 46,4°C is. De measte fjoerhurden binne oanstutsen of komme troch fallende of ynstoartende elektrisiteitslinen.
- 10 - In Russyske en in Amearikaanske satellyt klappe op elkoar boppe Sibearje, dêr't in grutte mannichte romte-ôffal troch ûntstiet.
- 10 - De Postbank giet op yn de ING.
- 12 - Geert Wilders wurdt de tagong ta it Feriene Keninkryk ûntsein.
- 21 - 8 maart - Stifting It Fryske Boek organisearret de Fryske Boekewiken.
- 25 - By Skiphol stoart in fleantúch fan Turkish Airlines del.
- maart
- 2 - João Bernardo Vieira, presidint fan Guinee-Bissau, wurdt fermoarde by in oanfal op syn wenning yn de haadstêd Bissau.
- 3 - In bus mei Sri Lankaanske kriketspilers wurdt ûnder fjoer naam yn Lahore, Pakistan. Acht minsken ferstjerre en guon oaren reitsje ferwûne.
- 11 - Yn it Dútske Winnenden sjit in 17-jierrige op syn âlde skoalle 15 minsken dea en docht himsels dan tekoart.
- 11 - 21 maart - De Nederlânske Boekewike.
- 17 - Yn Madagaskar wurdt presidint Marc Ravalomanana ôfsetten, wêrnei in moanne fol gefechten yn de haadstêd Antananarivo los giet. It leger wiist opposysje-lieder Andry Rajoelina oan as de nije presidint.
- 21 - It ôfskiedskonsert fan Pigmeat.
- 26 - Foar de twadde kear yn in moanne tiid barst Mount Redoubt yn Alaska út. De fulkaan is al sûnt jannewaris ûnrêstich.
- 31 - De NAFO hâldt in top yn De Haach.
- 31 - Fredesdemonstranten twinte in yllegale demonstraasje ôf yn De Haach.
- april
- 1 - Albaanje en Kroaasje komme by de NAFO, dêrmei komt it tal lannen fan de NAFO op 28.
- 4 - De Deen Anders Fogh Rasmussen wurdt keazen om fan 1 augustus ôf Jaap de Hoop Scheffer op te folgen as sekretaris-generaal fan de NAFO. Lars Løkke Rasmussen wurdt de nije premier fan Denemark.
- 5 - Op Antarktika brekt in ysskots fan it Wilkins Ysplato ôf dy't likegrut is as in fearn fan Nederlân.
- 6 - By in ierdskodding yn de omkriten fan LÁquila yn de Italjaanske regio Abruzze reitsje mear as 275 minsken om hals, der binne wis 1.500 minsken ferwûne. De ierdskodding hie in krêft fan 6,3 op de skaal fan Richter, tûzenen gebouwen reitsje skansearre.
- 18 - UNESCO begjint mei de Digitale Wrâldbibleteek
- 19 - Fuotbalklup AZ fan Alkmar wurdt lânskampioen fuotbal.
- 27 - Yn Jeropa wurde de earste gefallen fan besmetting mei de nije bargegrypfariant H1N1 befestige. Dêrmei is de gryp ek bûten it Amearikaanske kontinint ferspriede. It firus is dan wis oantroffen yn de Feriene Steaten, Kanada, Spanje en Skotlân.
- 29 - Nei oanlieding fan de útbraak fan de Meksikaanske gryp is troch de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) de alarmfase feroare nei nivo 5 (it ien nei heechste nivo), de lêste fase foardat sprutsen wurde kin fan in pandemy. Dy ferheging is benammen yn sein nei de oerheden en de farmaseutyske yndustry oer de heule wrâld om harren ta te riede op fierdere fersprieding.
- 30 - Minister fan Folkssûnens Ab Klink makket bekend dat ek yn Nederlân in gefal fan de Meksikaanske gryp fêststelt is. It giet om in bern fan 3,5 jier; it wurdt behannele en de tastân is net slim.
- 30 - By de fiering fan Keninginnedei 2009 rydt in auto op de staasje fan de keninginne yn.
- maaie
- 1 - De maksimumfaasje foar persoane-auto's mei oanhingweinen of kerevens op de autogongwei yn Nederlân giet omheech fan 80 km/o nei 90 km/o ride.
- 8 - By in grutte oanfal fan Pakistan op de Taliban yn de Swatdelte komme wis 77 opstannelingen en 35 boargers om hals.
- 9 - It wurdt offisjeel befêstige dat ek yn Austraalje, Japan en Panama de Meksikaanske gryp oanwêzich is.
- 9 - Jacob Zuma wurdt oanstelt as presidint fan Súd-Afrika.
- 9 - De hurdfytser Tom Boonen wurdt betrape op it brûken fan kokaïne. Hy wurdt tydlik út syn ploech Quick•Step setten. Inkele dagen letter wurdt ek bekend dat hy net meidocht oan de Omgong fan Frankryk.
- 12 - De Nederlânske ynstjoering foar it Eurofyzjesongfestival, De Toppers, komme net troch de heale finale, wêrtroch se net meidwaan meie oan it haadbarren op 16 maaie.
- 16 - Alexander Rybak wint foar Noarwegen it Eurofyzjesongfestival mei it ferske Fairytale.
- 17 - SK It Hearrenfean wint yn de finale fan de KNFB Beker fan FC Twente.
- 23 - Horst Köhler fan de CDU wurdt troch de bûnsgearkomste werkeazen as bûnspresidint fan Dútslân.
- 25 - Noard-Korea hâldt foar de twadde kear in núkleêre test yn de provinsje Noard Hamgyong. De Feiligheidsrie fan de Feriene Naasjes feroardield de test.
- juny
- 1 - In fleanmasine fan Air France stoart del yn de Atlantyske Oseaan, foar de kust fan Brazylje. De 228 minsken oan board fan it tastel reitsje allegear om hals.
- 4 - Yn Nederlân en yn it Feriene Keninkryk wurde ferkiezings hâlden foar it Jeropeesk Parlemint. Yn Nederlân is de PVV de grutte winners, ek D66 en GrienLinks winne, grut ferlies is der foar de PvdA.
- 5 - Op de Sealterfryske Wikipedia wurdt it tûzenste artikel skreaun.
- 12 - Mahmoud Ahmadinejad is werkeazen as presidint fan Iran. De wiken dêrnei demonstrearje tûzenen minsken fan de opposysje tsjin de resultaten fan de ferkiezings.
- 13 - Op it Ynterfrysk Kongres yn it Eastfryske Lier stelt de Fryske Rie in offisjele Ynterfryske flagge fêst.
- 25 - Michael Jackson ferstjert yn Los Angeles op 50-jierrige leeftyd.
- 28 - Presidint Manuel Zelaya fan Hondûras wurdt troch in steatsgreep ôfsetten omdat hy stappen ûndernaam om mei in referindum de grûnwet te feroarje en sa in tredde termyn as presidint oan te bliuwen.
- july
- 4 - It Fryske Wikiwurdboek hat foar it earst likefolle yngongen as de Fryske Wikipedy.
- 29 - De 152e PC wurdt wûn troch, Gert-Anne van der Bos, Folkert van der Wei, Daniel Iseger.
- 31 - 6 augustus - De 74e Snitswike wurdt hâlden.
- augustus
- 3 - Bolivia wurdt it earste lân yn Súd-Amearika dat ynheemske befolking it rjocht jout harren sels te bestjoere.
- 4 - Yn Nederlân falt it earste slachtoffer fan de Meksikaanske gryp. It giet om in jongen fan 17 jier dy't al bot siik wie.
- 4 - De Noard-Koreaanske lieder Kim Jong-il ferlient twa Amearikaanske sjoernalisten graasje nei dat Bill Clinton in mjitting hie mei Kim. De sjoernalisten wienen in arrestearre omdat se yllegaal yn it lân wêze soenen.
- 7 - De tyfoan Morakot giet oer Taiwan; 500 minsken reitsje om hals.
- 16 - De Jamaikaan Usain Bolt rint in nij wrâldrekord op de 100 meter, 9,58 sekonde.
- 21 - Hawaï makket sûnt 50 jier diel út fan de Feriene Steaten fan Amearika.
- 29 - Yn Assen giet de 64e edysje fan de Vuelta fan start.
- septimber
- 6 - De 20e Nederlânske soldaat stjerret yn Afganistan. Korporaal Kevin van der Rijdt (26 jier), rekket om hals by Deh Rahwod yn Uruzgan.
- 8 - 13 septimber - New York 400 wike, wêryn de 400-jierrige bân tusken Nederlân en New York fierd wurdt yn New York.
- 26 - De tyfoan Ketsana giet oer de Filipinen.
- 27 - De Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski wurdt oppakt yn Switserlân yn ferbân mei in arrest yn de Feriene Steaten.
- oktober
- 1 - Dick Advocaat wurdt bûnstrener fan Belgje.
- 2 - Rio de Janeiro wurdt de Olympyske Spullen fan 2016 tawezen troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.
- 7 - 17 oktober - Nederlânske berneboekewike.
- 9 - Barack Obama wint de Nobelpriis foar de Frede.
- 11 - Pater Damiaan wurdt troch paus Benediktus XVI hillich ferklearre.
- 19 - De DSB Bank fan Dirk Scheringa wurdt fallyt ferklearre.
- 22 - Windows 7 wurdt útbrocht troch Microsoft.
- novimber
- 6 - By it fabryk fan Fryslân Campina yn Dronryp ûntsnapt salpetersoer; der wurdt grut alaarm slein yn de omkriten.
- 9 - It is 20 jiere lyn dat de Berliner Muorre foel.
- 13 - By de Domino Day yn Ljouwert wurdt it rekôrd op goed 4,4 miljoen stienen setten.
- 13 - Der wurdt 90 liter wetter yn fêste foarm fûn op de moanne.
- 14 - De lânlike yntocht fan Sinteklaas wurdt yn Skiedam hâlden.
- 18 - Yn de Urkerbosk wurdt it lichem fûn fan in 14-jierrige Urker jongen.
- 18 - Yn seis Nederlânske fúzjegemeenten binne gemeenterieferkiezings. Yn de measte oare gemeenten wurde de ferkiezings op 3 maart 2010 hâlden.
- 19 - De Belgyske politikus Herman van Rompuy wurdt keazen ta earste Presidint fan de Jeropeeske Rie.
- 22 - It CERN werstart de Grutte Hadron-fersneller by Genève, Switserlân.[1]
- 21 - It Junior Eurofyzjesongfestival 2009 wurdt hâlden yn de Oekraïne; de Nederlanner Ralf Mackenbach wint de wedstryd.
- 25 - Yn Belgje beneamd kening Albert II Yves Leterme ta premier. Hy folget Herman van Rompuy op, dy't de Presidint fan de Jeropeeske Rie wurdt. De gearstalling fan it nije regear ferskilt kwealik mei it regear fan Van Rompuy.
- 25 - In rjochtbank yn Switserlân stelt fêst dat de Frânsk-Poalske regisseur Roman Polanski op boarchtocht frijkomt.
- 29 - Yn in referindum stimt 57% fan de Switserske befolking foar in ferbod op it bouwen fan nije minaretten yn harren lân. De fjouwer minaretten dy't al yn it lân steane meie stean bliuwe.
- 30 - Yn it Dútske München begjint it proses tsjin de 89-jierrige John Demjanjuk. Hy wurdt der fan fertocht bewaker west te hawwen yn it ferneatigingskamp Sobibór, dêrom wurdt him handiedichheid oan moard op wis 27.900 Joaden te lêste lein.
- desimber
- 1 - Ramses Shaffy, Nederlânsk sjonger, ferstjert oan de gefolchen fan slokdarmkanker. Hy is 76 jier wurden.
- 1 - It Ferdrach fan Lissabon giet fan start foar de Jeropeeske Uny.
- 3 - De Keninklike Nederlânske Marine hâld 13 Somalyske piraten oan en befrijdet 2 Tansianen.[2]
- 3 - Fokke Bauke Rispens fan Tsjom, de âldste Fries, ferstjert op 106-jierrige leeftyd.[3]
- 4 - It kabinet fan Nepal komt gear op de Mount Everest om omtinken te freegjen foar de klimaattop yn Kopenhagen.
- 4 - By in brân yn in nachtklup yn Perm, Ruslân, reitsje 112 minsken om 'e hals en reitsje 123 minsken ferwûne.
- 5 - Tsientûzenen minsken demonstrearje yn ferskate Jeropeeske stêden yn oanrin nei de klimaattop yn Kopenhagen.
- 5 - Sinteklaasjûn.
- 7 - Yn Kopenhagen begjint de klimaattop.
- 7 - Yn Iran wurde studinteprotesten nei oanlieding fan de Dei fan de Studint spikerhurd delslein.
- 10 - Yn de Sint Pitertsjerke fan Grou krijt Oebele Vries de Joast Halbertsmapriis útrikt. De dosint oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins krijt de trijejierlikse ûnderskieding foar syn folsleine wittenskiplike wurk.[4]
- 10 - FrieslandCampina makket bekend dat it de kommende jierren 200 banen skrast. De tsiisproduksje yn Dronryp wurdt yn 2011 stillein, it bedriuw slút ek de tsiisferpakkingsôfdieling yn Drachten en der moatte 73 minsken fuort by it fabryk yn Ljouwert. Wol komme der by it fabryk yn Wolvegea 45 banen by.[5]
- 15 - De gemeenterie fan Boarnsterhim stimt foar it opheffen fan de gemeente. Allinne de trije FNP leden stimme tsjin.
- 17 - Troch in soad sniefal yn Nederlân en Fryslân komt it lân frijwol plat te lizzen. Yn Oerterp komt 70 sentimeter snie te lizzen.[6]
- 18 - De klimaattop yn Kopenhagen wurdt beëinige.
- 25 - In reizger út Nigearia op de Northwest Airlines-flucht 253 fan Amsterdam nei Detroit besiket it fleantúch op te blazen; de oanslach mislearret.
- 28 - Op It Hearrenfean wurde njoggen jongeren oppakt foar fernielerij.[7]
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 12 - Keimpe van der Meulen, Frysk skûtsjeskipper (* 1933)
- 13 - Kick Stokhuyzen, Nederlânsk kwismaster (* 1933)
- 14 - Jacques Scheepsbouwer, Nederlânsk bestjoerder, oprjochter Ot en Sienmuseum (* 1956)
- febrewaris
- 12 - Lis Hartel, Deensk dressuerruter (* 1921)
- 14 - David Hartsema, Nederlânsk dichter, skriuwer en keunstner (* 1925)
- 26 - Hans Lesterhuis, Frysk boargemaster en sportbestjoerder (* 1944)
- 27 - Gerriet Postma, Frysk keunstskilder (* 1932)
- maart
- 24 - Martin Brozius, Nederlânsk akteur en presintator (* 1941)
- april
- 22 - Martin Bril, Nederlânsk skriuwer (* 1959)
- 27 - Jan de Jong, Frysk iismaster Thialf (* 1942)
- maaie
- 1 - Henk Nijdam, Nederlânsk hurdfytser (* 1935)
- 21 - Jan Riedstra, Frysk ûndernimmer en sportbestjoerder (* 1943)
- 24 - Jan Nauta, Frysk fuotballer (* 1931)
- juny
- 25 - Michael Jackson, Amerikaansk sjonger (* 1958)
- july
- 25 - Harry Patch, Ingelsk militêr, lêste libbene Britske feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch (* 1898)
- 27 - Michaël Zeeman, Nederlânsk skriuwer, dichter, resinsint en presintater (* 1958)
- augustus
- 5 - Harm Fennema, Frysk ûndernimmer en bestjoerder Frysk Hynste Stamboek (* 1938)
- 9 - Tony Feitsma, Frysk taalkundige en publisiste (* 1928)
- 21 - Tjerk Kramer, Frysk politikus (* 1947)
- 23 - Edzo Toxopeus, Nederlânsk politikus (* 1918)
- 25 - Ted Kennedy, Amerikaansk politikus (* 1932)
- septimber
- 11 - Henny van Schoonhoven, Nederlânsk fuotballer (* 1970)
- oktober
- 4, Harry Frieswijk, Frysk sakeman, topman FBTO (* 1919)
- novimber
- 13 - Gerrit Tasma, Frysk oersetter en toanielregisseur (* 1926)
- 28 - Tryntsje van der Zee, Frysk oersetster (* 1940)
- desimber
- 1 - Ramses Shaffy, Nederlânsk sjonger en akteur (* 1933)
- 1 - Henny Siebel, Frysk sjoernaliste (* 1943)
- 13 - Hendrik ten Hoeve, Frysk politikus (* 1945)
- 24 - Marcus Bakker, Nederlânsk politikus en kommunist (* 1923)
- 26 - Yves Rocher, Frânsk ûndernimmer, grûnlizzer kosmetika-ympearium (* 1930)
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- romans
- Patricia Briggs, Bone Crossed
- C.J. Cherryh, Conspirator
- Patricia Briggs, Hunting Ground
- Lois McMaster Bujold, The Sharing Knife: Horizon
Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Jierren: | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 |
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|